Op freed, 22 novimber 2019 hâlde wy wer in Krite gearkomste fan 14.00 oere oant 16.00 oere oere yn “De Miente”.
Wy hawwe útnoege: Griet Wiersma, sjonger fan it Fryske libbensliet.
Neist in fleurich sjongprogramma sil se ek koarte sketskes opfiere.
Griet Wiersma (1950) is begûn mei sjongen yn in muzykband, neist har wurk as taksychauffeur.
Mar nei har optredens mei Teake van der Meer wie der gjin tiid mear foar de taksy.
Mei Teake en Mindert Dijkstra hat se 2000 optredens hân troch hiel Fryslân. Foar de show “40 jier Lytse Teake” moasten nije nûmmers songen wurde en ien dêrfan is “Frysk Hynder”, noch altyd tige bekend.
Dit is de lêste Krite-middei yn 2019.
It wurde in pear fleurige oeren. We kinne grif hjir en der ek meisjonge. Efkes de sinnen fersette.