Kabaretselskip “Noordenbos & Ko” mei kabaretselskip “Noordenbos & Ko”
Septimber.
It is noch genietsjen fan in moaie nei-simmer, mar it Kritebestjoer tinkt alwer oan harren earste gearkomste.
We sette it nije seizoen út ein mei it ús wolbekinde kabaretselskip “Noordenbos & Ko”. Hja bringe “Gjin C te Heech”
In ploechje entûsjaste minsken, dy’t och sa graach sjonge, en in “toaniel-tic” ha.
Dat moat ek wol sa wêze, want dizze oprjochte amateurs dogge alles sels.
Naaie toaniel klean, meitsje attributen, bouwe op, brekke ôf......... en spylje mei de measte nocht foar elts dy’t der nei harkje wol.
Op humoristykse wize bringe hja aktuele saken op it toaniel mei hjir en der in sketske fan besinning. “
Út ûnderfining (hja binne al ferskate kearen earder west) witte wy dat je nei ôfrin wer sizze: “Wat hawwe wij genoaten”.